Sjitpartij yn Drachten

© Omrop Fryslân
In persoan (29) is ferwûne rekke by in sjitpartij yn Drachten. Oan de Baalder skeat in Drachtster (30) freed syn plakgenoat yn de búk. De dieder hat him op it plysjeburo oanjûn. It fjoerwapen dat de man yllegaal hie, is yn syn wein fûn.
It slachtoffer is nei it sikehûs brocht. Neffens de plysje wie in konflikt dat al langer spilet de reden. Earder moast de plysje al fanwegen mishanneling optrede.