Gjin Tryater en waadrinnen

13 apr 2001 - 00:00

Tryater hat freed net yn Weidum spile. De gemeente Littenseradiel hie frege om gjin eveneminten te hâlden yn ferbân mei de tongblier. It doarpshûs besleat dêrom om de útfiering fan Medea ôf te sizzen.

It Waadrinnen wurdt troch de tongblier foarearst ek opskood.De sân organisaasjes fine it net ferantwurde op diken en yn greiden te kommen. Se freegje yndividuele rinners de maatregel te folgjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)