Soad besikers website Omrop

13 apr 2001 - 00:00

Website www.omropfryslan.nl lûkt sûnt ôfrûne woansdei in soad minsken, dy't op syk binne nei ynformaasje oer tongblier. Yn de moanne april hie de site oant de 13de ien miljoen hits en dat is likefolle as yn de hiele moanne maart.

De measte besikers komme út Nederlân, 25 prosint komt út it bûtenlân, benammen út Amearika, Kanada en België. It giet om besites fan sa'n 10 minuten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)