Tongblierdûbeltsje mei net

12 apr 2001 - 00:00

It 'tongblierdûbeltsje' op liters suvels moat wer ôfskaft wurde. Dat hat de Nederlandse Mededingingsautoriteit (NMA) bepaald. De supermerken hawwe oant tiisdei om de priis wer te ferleegjen.

It dûbeltsje wie in stipe foar troffen boeren. De NMA is net tsjin helpaksjes, mar fynt net dat der priisôfspraken makke wurde meie om klanten mear betelje te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)