Meldpunt net-agraryske bedriuwen

11 apr 2001 - 00:00

Net-agraryske bedriuwen kinne har melde by in sintraal tongbliermeldpunt. De Keamer fan Keaphannel en ferskate wurkjouwersorganisaasjes ha it meldpunt yn it libben roppen: 058 - 2954321.

Fryske ûndernimmers kinne de skea melde dy't se troch de tongblierkrisis hawwe. Der is noch gjin kompinsaasjeregeling fan it ryk. It meldpunt leit dochs foar it gefal dat, in dossier oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)