Ankers tsjin gebrûk lasergun

10 apr 2001 - 00:00

De bruorren Anker komme yn aksje tsjin it gebrûk fan de lasergun dy't de plysje brûkt by snelheidsmjittings. Neffens de advokatetwilling is dy apparatuer net betrouber.

De advokaten fine fierder dat der gjin ferbod komme mei op de saneamde lasershields. Dy warskôgje automobilisten yn gefal fan snelheidskontrôles. De minister wol dat ferbod by wet regelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)