Plysje ûnderbeset troch feesykte

09 apr 2001 - 00:00

De aksjes fan lilke boeren soargje by de Fryske plysje foar problemen. De plysje hat de ôfrûne dagen 55 ME'ers beskikber steld oan it tonbliergebiet. De plysje kin dêrtroch net mear alle eigen taken goed útfiere.

Benammen by Kootwijkerbroek hawwe lilke boeren foar opskuor soarge. De lanlike korpsbehearders wolle fan it ryk mear stipe foar de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)