Ungelok by ôfslach Tytsjerk

09 apr 2001 - 00:00

In 24-jierrige Ljouwerter soarge sneintejûn foar in ûngelok by Swarteweisein. Foar de stopljochten by de ôfslach Tytsjerk botste er mei syn wein op in wachtsjende wein fan in Harnser (54).

De twa passazjiers fan de Harnser hiene it yn 'e nekke. De Harnser hat se mei de auto fan de Ljouwerter - dy't sels drank op hie - nei it sikehûs brocht. De wein fan 'e Harnser is fuortsleept.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)