Aksjes yn Fryske sikehuzen

09 apr 2001 - 00:00

Fakbûn Nieuwe Unie 92 foar ferplegend personiel fiert woansdei aksje yn de Fryske sikehuzen. Dat yn it ramt fan in grutte lanlike aksje dy't moandei út ein set is yn oare dielen fan it lân.

It fakbûn easket ûnder oare in hegere ynskaling fan ferpleechkundigen en fersoargers. Se wolle boppedat fêsthâlde oan in 36-oerige wurkwike. De wurkjouwers wolle nei in wike fan 38 oeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)