Wyldeman Appelskea oppakt

08 apr 2001 - 00:00

De plysje yn Appelskea hat sneon hannenfol wurk hân mei in 26-jierrige man. Hy hie it húsrie fan in hoarekasaak fernield en de eigner mishannele. Bûtendoar libbe er him dêrnei út op terrasstuollen en tafels.

De kastlein flechte nei de buorman. Ek dêr waard de ynventaris stikkenmakke. De plysje koe de man amper de baas, mar hat de Appelskeaster dochs fêstnommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)