Protte oanmeldings foar soap

© Omrop Fryslân
De oprop foar de Fryske soap Baas Boppe Baas hat al mear as hûndert oanmeldings opsmiten. Ferline wike is de wervingskampanje út ein set. Der is ferlet fan akteurs likegoed as figuranten.
De opnames binne dizze simmer. Ein dit jier is de searje op Omrop Fryslân Televyzje te sjen. Regisseur Steven de Jong hat foar ien fan de haadrollen Renze Westra oanlutsen.