Nijbou kantoar by spoar Ljouwert

06 apr 2001 - 00:00

Twa kantoaren mei njoggen ferdjippingen komme der yn Ljouwert by. De gebouwen wurde takom jier oan de Sudersingel by it spoar del boud. De grûn is fan de gemeente en de Nederlânske Spoarwegen.

Foar de kantoaren is al in soad belangstelling toand, neffens de oannimmer. Der komt in parkeargaraazje by. De plannen, dy't 50 miljoen gûne kostje, lizze by de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)