Molke tongbliergebiet nei Rendac
Auto's fan Friesland Coberco bringe molke út it gebiet dat troch tongblier troffen is nei destruksjefabryk Rendac yn Sumar. It suvelkonsern docht dat op fersyk fan de RVV.
De Rykstsjinst foar keuring fan fee en fleis jout de opdrachten streekrjocht oan de ferfierders en Rendac. Sûnt 3 april is der gjin molke mear ophelle yn it gebiet ûnder Swol dat ôfsletten is.