Yntimidaasje by metaal-CAO

© Omrop Fryslân
Yntimidaasjepraktiken, grof taalgebrûk, wurknimmers driigje mei ûntslach, dat binne de saken dêr't de stakende Fryske wurknimmers yn de metaalsektor neffens de fakbûnen mei te meitsjen hân hawwe yn har striid foar in bettere CAO.
In soad wurkjouwers koene it net ferneare dat har wurknimmers de ôfrûne wiken meidien hawwe oan de stakingsaksjes. De nije CAO is der úteinlik al kaam.