Kolleezje ferliest mearderheid

06 apr 2001 - 00:00

It kolleezje fan Boarnsterhim is syn mearderheid yn de ried kwyt. Ald-wethâlder Oosterhof makke tongersdei bekend dat hy dochs ek as riedslid opstapt.

It kolleezje fan FNP en PvdA hie rekkene op de stipe fan VVD'er Oosterhof, sadat der noch krekt in mearderheid wêze soe. Oosterhof hie dy stipe earder tasein, mar kaam dêr yn in emosjonele ferklearring op werom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)