Spesjale weinen foar kadavers

© Omrop Fryslân
Rendac hellet de kadavers fan bisten yn it besmettingsgebiet Apeldoorn-DeventerZwolle mei spesjale frachtweinen op. De weinen meie allinnich yn dat gebiet ride en gjin deade bisten op oare plakken yn it lân ophelje.
Foardat de weinen nei Sumar ride, wurde se hielendal ûntsmet. Dy proseduere bart op alle adressen dêr't ôfmakke fee ophelle wurdt.