Frou troch auto oanriden

05 apr 2001 - 00:00

In fuotgongster is woansdei by Boyl oanriden troch in auto. De 89-jierrige frou wie oan de Boylerwei út in auto stapt om it lêste stik nei hûs te rinnen. Se rûn oan de rjochterkant fan 'e dyk doe't se troch in wein oanriden waard.

De frou rekke ferwûne en is nei it sikehûs brocht. De automobilist is trochriden sûnder nei de frou om te sjen of te sizzen wa't hy of sy wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)