Koploperprojekt foar De Wingerd
Skoalle De Wingerd yn Damwâld mei yn augustus begjinne mei it Koploper-projekt. Underwiisminister Hermans hat dêr woansdei grien ljocht foar jûn. Hy die syn tasizzing op de stúdzjedei fan it spesjaal ûnderwiis yn Beetstersweach.
Yn it projekt wurdt útsocht hoe't skoallen foar dreech learende bern gearwurkje kinne mei sintra foar bern mei in ferstanlike handikap.