Waanders folget Den Oudsten op

02 apr 2001 - 00:00

De fraksje fan de PvdA yn Ljouwert hat fraksjefoarsitter Marga Waanders foardroegen as wethâlder fan Ljouwert. Sy wurdt dêrmei de opfolchster fan Peter den Oudsten, dy't boargemaster fan Meppel wurdt.

Frou Waanders is 41 en sit sûnt 1990 yn de Ljouwerter gemeenteried. Sûnt 1995 is sy fraksjefoarsitter. De 40-jierrige Sybrig Sytsma wurdt no fraksjefoarsitter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)