Spilers socht foar Frysk drama

© Omrop Fryslân
Foar de Fryske soap siket Omrop Fryslân spilers en figuranten. De nije dramarige Baas boppe Baas is troch regisseur Steven de Jong betocht. Hy makke ek De Fûke. Rense Westra spilet in haadrol.
Ynskriuwformulieren lizze by biblioteken en ek fia www.omropfryslan.nl binne se te krijen. De opnames binne fan it simmer. De screentest is 12 maaie. De ôfleveringen binne fan desimber te sjen.