Winst foar SC Hearrenfean

01 apr 2001 - 00:00

SC Hearrenfean hat sneon mei 2-0 fan RBC wûn. Lurling makke beide doelpunten yn it Abe Lenstra Stadion, ien kear foar en ien kear nei rêst. 'Wy spilen net fantastysk', sei trener De Haan nei ôfrin.

By de Friezen ûntbrutsen in tal spilers (Nurmela, Ebbinge en Klompe). De klub stiet noch yn it rjochterrychje, mar krûpt stadichoan omheech. RBC ferlear foar de 21e kear dit seizoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)