Mear omtinken foar mantelsoarch

© Omrop Fryslân
De soarch foar âlderein is ek in soarch foar deputearre Bijman. Dat sei er freed by de iepening fan de oppassintrale yn Súdwest-Fryslân. De provinsje wol dizze foarm fan soarchferliening stypje.
Alderein bliuwe hieltyd langer thús. De soarch dy't se nedich hawwe, komt del op famyljeleden, frijwilligers of de mantelsoarch. No al komt 80 prosint foar rekken fan mantelsoargers.