Arriva wint koart pleit

© Omrop Fryslân
Busmaatskippij Connexxion hat it koart pleit ferlern fan de gemeente Ljouwert en ferfierder Arriva. Connexxion woe it ferfier yn de haadstêd fersoargje. Dêrfoar woe it bedriuw safolle mooglik ynformaasje oer it Arriva-pesoniel ha.
De rjochter hat bepaald dat Arriva en de gemeente al genôch ynljochtingen joegen. De sluting foar gadingmakkers nei it stedsferfier is ferlingd nei 10 april.