Net wer molke rinne litte

30 mrt 2001 - 00:00

It wetterskip Fryslân komt stranger fanwegen as boeren molke yn it rioel of it oerflaktewetter rinne litte. Boeren ha dat ferline wike tsientallen kearen dien. Fanwegen de útbraak fan tongblier mocht der gjin molke ferfierd wurde.

It wetterskip hat doe gjin maatregels nommen. De útwettering kaam de meiwurkers oer it mad. Se ha inkeld rapporten opmakke. Tenei sil dat dus oars.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)