Boargemaster keart sirkus Renz

30 mrt 2001 - 00:00

Sirkus Herman Renz komt moandei 2 en tiisdei 3 april net nei De Jouwer. Boargemaster Kuiper fan Skarsterlân hat de fergunning ynlutsen fanwege tongblier.

Neffens Kuiper kin hy yn in agraryske gemeente as Skarsterlân gjin risiko nimme, ek net mei in sirkus. Foar it sirkus is it in strop. Op sa'n koarte termyn hat it bedriuw gjin alternatyf en dat betsjut dat der neat fertsjinne wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)