Den Oudsten boargemaster Meppel

© Omrop Fryslân
Wethâlder Peter den Oudsten fan Ljouwert wurdt boargemaster fan Meppel. De 49-jierrige Den Oudsten is sûnt 1997 wethâlder foar de PvdA.
Den Oudsten hat no ûnder mear ekonomyske saken, ferkear en romtlike oardering yn syn portefeuille. Earder wie er wurdfierder fan Friesland Coberco en de gemeente Enschede. Hy folget yn Meppel Cees Bijl op, dy't nei Emmen ta giet.