Boaten nei Skier fêst yn fargeul

© Omrop Fryslân
De fearboat tusken Lauwerseach en Skiermûntseach hat lêst fan de fûle wyn. Sûnt tiisdeitejûn hat de tsjinst fertragingen oant twa en in heal oere, om't der te min wetter yn 'e geul stiet.
De boaten rinne fêst op De Glinder, in drompel yn de fargeul. Benammen moarns en jûns, as it eb is, stiet it wetter te leech. Woansdei kaam de betide boat net iens oan op it eilân.