Underskieding foar militêren

28 mrt 2001 - 00:00

Sa'n 100 militêren fan de fleanbasis Ljouwert ha woansdei in medalje krigen. Se ha stasjoneard west op de Italiaanske basis Amendola. Se krigen de medalje foar har wurk by fredesoperaasjes.

De militêren wiene aktyf tusken jannewaris en july ferline jier. Oars krije militêren earder in ûnderskieding, mar troch alle missys fan definsje rint de medaljedrukker achter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)