Fee omkommen by brân op pleats

© Omrop Fryslân
By Haskerhoarne is woansdeitemoarn in buorkerij útbaarnd. Fiif hynders, fyftich keallen, in tal skiep en geiten binne yn it fjoer omkommen. Der wienen gjin persoanlike ûngelokken. By de brân is asbest frijkommen.
Fanwege de tongbliermaatregels is ek de Rykstsjinst foar fee en fleis op de hichte steld fan de brân. De oarsaak fan de brân is noch ûnbekend.