Fee-eksporteurs tsjin ynintsjen

27 mrt 2001 - 00:00

Der moat perfoarst noch net yninte wurde tsjin tongblier. Dat sizze de Fryske fee-eksporteurs. As der no yninte wurdt, dan reitsje se har bestean kwyt, en de boeren ek, warskôgje se.

De fee-eksporteurs sille ynkoarten in petear ha mei it ministearje fan Lanbou. Se sille dan ûnder oaren in skeafergoeding easkje. Op it stuit is der hielendal gjin hannel tastien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)