Rendac kin drokte goed oan

© Omrop Fryslân
Destruksjebedriuw Rendac fan Sumar kin it wurk goed oan. Der is noch gjin needsaak dat it bedriuw yn Son wurk oernimt. It is sels rêstich op it bedriuw omdat der gjin slachtôffal binnenkomt.
De RVV bepaalt wannear en yn hokker tempo ferwurking fan it fee fan romme bedriuwen plakfynt. Al it slachtôffal fan romme bedriuwen wurdt op it stuit ferwurke yn Sumar.