Oerfaller jout himsels oan

© Omrop Fryslân
De wapene oerfal op in tankstasjon yn Boalsert is oplost. De 27-jierrige dieder út Ljouwert hat himsels oanjûn by de plysje.
De saak kaam moandei oan 'e oarder yn it tv-programma Opsporing Verzocht. Kunde fan de dieder herkenden de Ljouwerter en hellen him oer nei de plysje te gean. De oerfaller hat de ynhâld fan de kassa yn drugs omset.