Gemeente betellet parkearwachten

© Omrop Fryslân
De gemeente Lemsterlân betellet foar it tafersjoch op it parkearen op 'e Lemmer. Der wurde twa parkearwachten oansteld foar it blauwe-sônegebiet. Guon riedsleden binne it der net mei iens: In gemeente hoecht net te beteljen foar in plysjetaak.
It plan foar in tal winkelsneinen op 'e Lemmer is ôfwiisd. De Sakeclub woe dat yn it toeristeseizoen ynfiere.