Eksperimint citybus is súkses

26 mrt 2001 - 00:00

De proef mei in fergese buspendel yn Ljouwert is in boppeslach. Mear as fjouwerhûndert minsken ha sneon de auto by it FEC delsetten. Dêrwei koenen se fergees mei de bus nei it Saailân.

De gemeente Ljouwert is tige te sprekken oer de animo. De kommende trije moanne bliuwe de bussen alle sneonen riden. De gemeente wol mei de foarsjenning de ferkearsdrokte yn de stêd ferminderje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)