Lammen stjerre by boskjes

26 mrt 2001 - 00:00

Der tekenet him in drama ôf foar lammen dy't ôflamme wurde op it lân. As de boer gjin opfang regelje kin, gean se dea. Dat is in grutte strop foar de skieppehâlderijen. Foar skiep jildt in ferfiersferbod fanwege tongblier.

By boer Kingma fan Hantumerútbuorren binne allinnich al snein fyftich krektberne lammen deagien. De LTO praat moandei mei de RVV oer in needregeling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)