Fyfde tongbliergefal yn Nederlân

© Omrop Fryslân
Yn Oene is snein in nij gefal fan tongblier fêststeld. Dêrmei komt it totaal yn Nederlân op fiif. In tal bedriuwen om it Brabânske Beesd hinne binne fertocht.
De gemeente Geldermalsen, dêr't Beesd ta heart, is lilk op it ministearje fan lânbou. Dat hie yn in brief skreaun dat dêr tongblier konstatearre wie. Neffens minister Brinkhorst giet it om fertinkingen dy't al op 21 maart bekend wiene.