Brinkhorst wol needfaksinaasjes

25 mrt 2001 - 00:00

Fan moandei ôf meie needfaksinaasjes tsjin tongblier útfierd wurde. Minister Brinkhorst fan Lânbou hat dat tasein. De yninting jildt inkeld foar it fee yn de sônes om de besmette en fertochte boerebedriuwen hinne.

De eksport fan fleis leit op 't heden stil. Earst trije moanne nei't it lêste faksinearre bist deamakke is, mei der wer útfierd wurde nei oare EU-lannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)