Dochs noch jild foar bedriuwen
Bedriuwen yn de gemeente Dongeradiel en Achtkarspelen kinne fia in spesjale regeling jild krije. Dongeradiel en Achtkarspelen foelen foarich jier bûten de boat foar Europeeske IPR-subsydzje. De bedriuwen yn beide gemeenten rûnen dêrtroch mear as 10 miljoen gûne mis.
Fia in spesjale regeling krije lytse ûndernimmers no 15 en grutte 7,5 prosint fan harren ynvestearringsbedrach.