Jild stellen troch wikseltrúk

23 mrt 2001 - 00:00

Mei in wikseltrúk ha in Spaansk pratende man en frou tongersdei yn Snits hûnderten gûnen bút makke. Se hienen yn in winkel oan it Kleinzand in jas útsocht. Oan de kassa joegen se te min jild.

Doe't de man in briefke fan tûzen gûne oerlange, die er in graai yn de kassa om syn eardere jild werom te pakken. Dêrby naam er mear jild mei, sûnder dat dat sjoen is. De dieders binne ûnbekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)