Al it tongblierfee nei Rendac

© Omrop Fryslân
De kadavers fan 'e bedriuwen dy't romme wurde yn Gelderlân en Oerisel wurde ferneatige by Rendac yn Sumar. It transport fynt plak yn spesjale auto's, dy't foarsjoen binne fan ûntsmettingsapparatuer.
Deputearre Mulder fynt dat ek Rendac yn Son kadavers ferneatigje moat. Hy wol fêsthalde oan ôfspraken dy't earder makke binne mei it ministearje. Mulder oerleit woansdei mei Rendac.