Ferlechje om pinkoade

21 mrt 2001 - 00:00

Oplichters ha besocht mei in ferlechje de pinkoade fan in Ljouwerter te achterheljen. De frou krige in telefoantsje. Dêryn waard sein dat se oan in spultsje meidwaan koe as se it tal ynwenners fan de haadstêd wist.

It antwurd fan de frou wie neffens de beller goed. Doe't se om it banknûmer en pinkoade frege waard, fertroude de frou it net. Se hat de plysje ynljochte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)