Wapen oerfal fûn

21 mrt 2001 - 00:00

De plysje hat it pistoal fûn dat ein jannewaris brûkt is by in oerfal op in supermerk yn Ljouwert. By de oerfal waard in meiwurker yn de foet sketten.

It wapen is fûn yn it hûs fan in man út Suwâld. Dy is in moanne lyn oanholden fanwege stellerij fan bou-ark en heling. Oft de man ek belutsen west hat by de oerfal is noch net dúdlik. Mooglik hat er it wapen op oare wize krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)