Nijbou sintrum yn Drachtster wyk

20 mrt 2001 - 00:00

Yn de Drachtster wyk De Drait moat in multyfunksjoneel sintrum komme. De gemeente Smellingerlân wol der 16 miljoen gûne yn ynvestearje. It nije sintrum moat op it plak fan it ferâldere winkelsintrum komme.

De ûntwikkeling fan de Brede Skoalle yn de wyk wurdt keppele oan de nijbou. De earste peal sil yn 2002 de grûn yn. Mooglik komme der ek wenningen by.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)