Plysje set hongerstaker út AZC

20 mrt 2001 - 00:00

Yn Drachten hat de plysje tiisdei in Koerdyske hongerstaker ferwidere út it asylsikerssintrum. De Irakese Koerd Achmed moast nettsjinsteande in hongerstaking fan 12 dagen it sintrum út.

Achmed is útprosedearre en hat neffens de wet gjin rjocht mear op in ferbliuw yn it AZC. Neffens it COA, it sintraal orgaan opfang asylsikers, is de man sels ferantwurdlik foar syn útsetting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)