Ljouwert bestraft bidlers

© Omrop Fryslân
Ljouwert hat skjin syn nocht fan de bidlers op strjitte. De gemeente sil de plysje derop ôfstjoere as der sprake is fan oerlêst. Dit nei oanlieding fan fragen fan de PvdA yn 'e ried.
By it NS-stasjon wurdt faak om jild skoaid. Offisjeel is foar jild ynsammeljen op strjitte in fergunning nedich. Om boargemaster Van Maaren mei de plysje wol optrede tsjin oertreders.