Keeper Ten Rouwelaar nei PSV

© Omrop Fryslân
De Jouster keeper Jelle ten Rouwelaar giet takom jier fan Emmen nei PSV. De 19-jierrige Ten Rouwelaar jildt as in bysûnder talint. Hy keept noch mar fiif jier, mar sit no al by Jong Oranje.
Ten Rouwelaar is neffens kenners in potinsjele topkeeper, troch syn 'flitsende refleksen en nochteren persoanlikheid'. Ten Rouwelaar stiet foar fiif jier ûnder kontrakt by de Eindhovenske klub PSV.