Spul oer plak doarpsplattegrûn

© Omrop Fryslân
De plattegrûn fan Twizelerheide moat oan de Bjirkewei komme. Pleatslik Belang hat dêr in fersyk foar yntsjinne by de gemeente Achtkarspelen. It Belang hat skoften ûnderhannele mei de gemeente oer it plak fan it boerd.
Doe't dy petearen neat opsmieten, sette Pleatslik Belang op eigen manneboet it boerd oan de Bjirkewei del. Dêr moast it doe wei om't dat plak te gefaarlik wie.