Pleats yn Steggerda ôfbaarnd

19 mrt 2001 - 00:00

In âlder echtpear fan Steggerda is sneintenacht oan 'e dea ûntkommen. De man (80) en syn frou (79) waarden krekt op 'e tiid troch de buorlju út harren pleats helle. De achterein stie doe al yn ljochte lôge.

De slachtoffers koene troch de reek net mear goed sykheljen. Se binne nei it sikehûs ta brocht. It is noch ûndúdlik hoe't it fjoer krekt ûntstien is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)