Keunstfeiling foar goed doel

18 mrt 2001 - 00:00

Theater Romein yn Ljouwert feilt moandei moderne keunst. It giet om 137 wurken fan keunstners dy't yn Fryslân wenje en wurkje. Neist it oersjoch fan talinten út de provinsje komme ek wurken fan Karel Appel, Corneille en Anton Heyboer ûnder de hammer.

De feiling is in inisjatyf fan Kiwanis. It jild is foar bernedeisintrum It Kampke yn Ljouwert en de Stichting Noma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)