Lestich optreden fakânsjewenten

© Omrop Fryslân
It yllegaal wenjen yn fakânsjehúskes is lestich foar gemeenten oan te pakken. De Rie fan Steate bepaalde freed dat gemeenten bewize kinne moatte dat it om permaninte bewenning giet. Dat is as de eigner der per jier seis moannen wennet.
De gemeenten Wûnseradiel en Eaststellingwerf wolle al jierren it permanint wenjen yn rekreaasjehûzen keare. Nei dizze útspraak wurdt dat noch dreger.